Sjittende plysje foar rjochter

01 nov 2007 - 14:35

De plysje dy't ferline jier yn Wâlterswâld sketten hat op in man dy't him en syn kollega oanfallen hie, moat foar de rjochter komme. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert besletten.

It iepenbier ministearje woe de plysje net ferfolgje, omdat dy út needwar hannele. De man en syn maten wienen it dêr net mei iens en tsjinnen in klacht yn by it gerjochtshôf. It hôf hat no sein dat de rjochter bepale moat wannear't in wapen brûkt wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)