Sjitte mei fergunning op Waad

21 apr 2011 - 22:13
  • De Flyhors op Flylân is ek militêr oefenterrein

In útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert liket grutte gefolgen te hawwen foar de wize wêrop definsje har gedrage moat yn it Waadgebiet. Se moatte mear rekken hâlde mei de fûgels en seehûnen. Neffens de Ljouwerter rjochtbank binne sjitoefenings by de sânplaat De Razende Bol yllegaal omdat se de fûgels en seehûnen dêr fersteure.

De Waadferiening hie de saak oanspand en ferwachtet dat de útspraak ek gefolgen ha sil foar oare militêre aktiviteiten yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)