Sjitpartij yn Ljouwert

08 mrt 2006 - 11:23

Der binne gjin minsken ferwûne rekke by in sjitpartij tiisdei yn de Oosterstraat yn Ljouwert. Twa groepen jonges namen inoar oan de ein fan de middei ûnder fjoer. Oer de Twibaksmerk hinne waarden meardere skotten lost. Der waard lykwols gjinien rekke.

De plysje hat fjouwer Ljouwerters oanhâlden. Neffens plysjesjef Marc Jacobs giet it om bekenden fan de plysje. Twa binne minderjierrich, 15 en 17 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)