Sjitpartij yn De Westereen

21 feb 2008 - 11:10
  • Plysjewurdfierder Herman Olijerhoek

By in rúzje op strjitte yn de Westereen is woansdeitenacht ferskate kearen sketten tusken twa groepen. Net ien waard rekke troch de kûgels. Der waard sketten troch in groep fan fiif oant seis manlju.

Sy hiene spul mei in man (35) fan de Westerein, in frou (25) út Ljouwert en in oare Westereender. Sy waarden op strjitte bedrige troch de groep en ek slein mei kneppels en stokken. De frou en in man rekken hjirby ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)