Sjitpartij op 'e Lemmer

18 maaie 2010 - 20:43

De plysje docht ûndersyk nei in sjitpartij tiisdeitemiddei op 'e Lemmer. Flakby it sintrum fan it doarp waard in 48-jierrige man yn de foet sketten troch in ûnbekend persoan dy't yn de auto foarby kaam. De ferwûne man hat sels oanjefte dien by it plysjeburo op 'e Lemmer.

De plysje hat dêrnei in part fan it sintrum fan De Lemmer ôfset foar neier ûndersyk. By it sykjen nei it mooglike wapen en de kûgel hat de plysje ek in speurhûn ynsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)