Sjitpartij De Kei op televyzje

14 okt 2014 - 11:05

De plysje skeakelet tiisdeitejûn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht yn om mear ynformaasje te krijen oer in sjitpartij op De Kei yn Ljouwert. By in sânheech-flat yn de strjitte waard heal septimber fiif kear sketten. Dat wie op in jûn, doe't der flink wat minsken by de flat rûnen. Wûnder-boppe-wûnder rekke der nimmen ferwûne.

De sjitpartij wie it gefolch fan in rûzje tusken fjouwer manlju. De plysje lit bylden sjen fan de skutter en freget minsken tips oer wa't it is. Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn om 20.30 oere te sjen op NPO 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)