Sjitferienings kinne geweld-ynsidinten leden net foarkomme

17 aug 2015 - 13:30
  • Pistoal

Hoe strang de regels foar de ferienings yn de sjitsport ek binne, geweld-ynsidinten wer leden by belutsen binne, kin nea folslein foarkommen wurde. Dat stelt Marcel van der Vlies, foarsitter fan de Ljouwerter sjitsport feriening Hertog Hendrik. De kwestje is wer aktueel no dat op 'e nij leden fan sjit-ferienings oppakt binne as ferochte yn in moardsaak.

Neffens Van der Vlies binne de wapens net gefaarlik, mar binne it de minsken dy't der op in ferkearde wize mei omgean.

Dêrom sjogge de ferienings sels ek altyd kritysk nei de mentale stabiliteit fan de eigen leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)