Sjinkie Knegt wint NK

22 mrt 2009 - 17:53
  • Sjinkie Knegt (foto's: Martin de Jong)
  • It súksesfolle junioareteam: Arjan Kramer, Itzhak De Laat, Mark Prinsen en Dennis Visser

Reedrider Sjinkie Knegt fan Bantegea is snein by it Nederlânsk kampioenskip shorttrack yn Zoetermeer Nederlânsk kampioen wurden. Hy rydt by de junioaren A. By de senioaren waard er twadde achter kampioen Niels Kerstholt.

By de jonges C waard Itzhak de Laat Nederlânsk kampioen. Arjen Kramer waard twadde. Brenda Herder pakte it sulver by de famkes C, Karina de Leeuw it brûns. Foar Daan Breeuwsma is it NK net goed ferrûn. Hy waard sneon siik en moast de striid opjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)