Sjinkie Knegt wint 1500m

02 okt 2011 - 17:48

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat snein op de Invitation Cup yn Thialf de winst pakt op de 1500 meter. Mei noch in pear rûntsjes te gean, passearre Knegt op in tûke wize syn tsjinstanners. De kopposysje stie hy net mear ôf. Daan Breeuwsma fan Aldeboarn waard op dizze ôfstân 7e.

Op de 500 en 1000 meter wie der gjin súkses foar de Fryske shorttrackers. De Invitations Cup wurdt sjoen as opmaat foar it kommende wrâldbekerseizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)