Sjinkie Knegt wint 1500 meter op Invitation Cup Dordrecht

10 okt 2015 - 15:53
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt hat sneontemiddei de 1500 meter op de Invitation Cup yn Dordrecht wûn. Knegt kaam foar de Hongaren Sándor Liu Shaolin en Shaoang Liu oer de finish. De finale fan de 1500 meter wie gaos: twa rondes foar de ein wie der in grutte falpartij. Dêrop hat de sjuery de wedstriid stillein en mochten de riders letter op 'e nij starte. Allinnich Freek van der Wart waard útsletten, om't hy neffens de sjuery de falpartij feroarsake hie.

By de froulju pakte Suzanne Schulting it tredde plak op de 1500 meter.

Se einige achter Anna Seidel út Dútslân en Bernadett Heidum út Hongarije.

Snein wurde noch de finales op de 500, 1000 meter en de relay riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)