Sjinkie Knegt twadde op 1500 meter op WK shorttrack

14 mrt 2015 - 14:22
  • De spannende finish fan de 1500 meter...

Shorttracker Sjinkie Knegt pakte sneon it sulver op de 1500 meter by it WK shorttrack yn Moskou. Yn in spannende finale sette de Bantegeaster yn de lêste bocht in spektakulêre ynhelrace yn en wist dêrmei de Kanadees Charles Hamelin noch yn te heljen. De winst gie nei de Rus Semen Elistratov. It brûns gong nei Hamelin.

Daan Breeuwsma einige yn de finale as sechde en wie dêrmei lêste yn de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)