Sjinkie Knegt rekôr op 500 m.

13 nov 2009 - 11:53
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt hat op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Amerikaanske Marquette in nij Nederlânsk rekôr op de 500 meter riden. De 20-jierrige Bantegeaster ried 41,423. Mei dy tiid wie er hast trijetsiende rapper as de âlde toptiid fan Niels Kerstholt. Foar Knegt is it syn earste nasjonale rekôr by de senioaren op in yndividuele ôfstân. Knegt hat him op de 500 meter pleatst foar it haadtoernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)