Sjinkie Knegt op kop by EK

29 jan 2012 - 15:51
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt leit op koers foar de Europeeske titel shorttrack yn Tsjechië. De Bantegeaster is sneintemiddei twadde wurden yn de finale fan de 1000 meter. Dêrmei pakte er genôch punten om allinnich oan de lieding te gean yn it klassemint. De winst op de kilometer wie foar de Frânsman Thibaut Fauconnet, dy't no op in dield twadde plak stiet mei de Rus Vladimir Grigorev. Knegt wist him sneon net te pleatsen foar de finale op de 500 meter en miste dêrtroch wichtige punten. Op de lêste dei falt de beslissing op de slotôfstân fan 3000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)