Sjinkie Knegt nei wrâldcup

06 sep 2009 - 14:11
  • Sjinkie Knegt (foto Martin de Jong)

Sjinkie Knegt hat sneon in ticket helle foar de shorttrackwedstriden foar de wrâldcup dizze winter. De 20-jierrige Bantegeaster einige as tredde op de 1500 meter by in ynternasjonale wedstriid yn Den Haach.

Heung en Herrman fan Dútslân einigen foar Knegt. By it ûnderdiel ôflossing wie der foar it Nederlânske manljusteam, mei ûnder oare Knegt en Daan Breeuwsma fan Aldeboarn, in diskwalifikaasje om't de manlju net rjochtmjittich de finish namen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)