Sjinkie Knegt nei heale finale

15 feb 2014 - 11:59
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is wer in stapke tichteby in Olympyske medalje. De Bantegeaster waard twadde yn de kwartfinale op de 1000 meter en dat wie genôch foar in plak yn de heale finale. Knegt ried yn searje trije tsjin twa mearfâldige Olympyske kampioenen: Charles Hamelin fan Kanada en Victor An, de Koreaan dy't Rus wurden is. De fjirde tsjinstanner wie de Amerikaan Eduardo Alvarez. Knegt pakte nei ien rûntsje de kopposysje en fuort dêrnei foelen Hamelin en Alvarez. Doe wie it maklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)