Sjinkie Knegt Nederlânsk kampioen shorttrack yn Amsterdam

04 jan 2015 - 16:06
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt fan Bantegea is foar de tredde kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen wurden by it shorttrack. Yn Amsterdam wûn Knegt alle ôfstannen. Foar de lêste ôfstân wie al dúdlik dat Knegt de titel winne soe, hy koe yn it algemien klassemint net mear ynhelle wurde. Daan Breeuwsma fan Akkrum waard tredde.

By de froulju ha de Friezinnen it ek goed dien. De 17-jierrige Suzanne Schulting einige as twadde yn it klassemint, folge troch Rianne de Vries. Lara van Ruijven wie dit wykein de bêste. Sy is de Nederlânsk kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)