Sjinkie Knegt lit kâns lizze

19 sep 2009 - 13:46
  • Sjinkie Knegt (foto: Martin de Jong)

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneon de earste kâns lizze litten om him te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn Vancouver. Yn de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Peking waard er yn de B-finale op de 1500 meter diskwalifisearre.

Wie Knegt earste of twadde wurden dan hie er foldien oan kwalifikaasje-eask fan NOC-NSF. Sjinkie Knegt hat wol in Olympyske nominaasje foar de tûzen meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)