Sjinkie Knegt komt sneon net yn aksje op NK shorttrack

02 jan 2016 - 14:26
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea komt sneon net yn aksje op it NK yn Amsterdam. De regearjend kampioen op de 500 en 1500 meter is siik. Hy hat gryp. Oft Knegt snein wol starte kin, wit er no noch net.

It NK fan dit wykein is in seleksjewedstriid foar it EK shorttrack yn Sotsji. Knegt is al wis fan in startbewiis foar dat toernoai, om't er goede resultaten helle hat yn de wrâldbekerwedstriden fan de ôfrûne perioade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)