Sjinkie Knegt feestlik huldige yn eigen doarp Bantegea

20 mrt 2015 - 20:53
  • Sjinkie en syn freondinne krije rûnrit troch Bantegea
  • Huldiging
  • Huldiging fan Knegt en kollega-shorttrackers yn Bantegea

Sjinkie Knegt is freedtejûn yn syn doarp Bantegea feestlik huldige foar syn sportprestaasjes op it WK shorttrack yn Moskou. Hy waard dêr wrâldkampioen. Knegt en syn freondinne waarden earst op in trekker rûnriden troch it doarp. Dêrnei waard er huldige op it poadium midden yn it doarp.

Fan iismaster Beert Boomsma krige er kado's oanbean út hannen fan it doarp en Thialf. Shorttrackers Daan Breeuwsma, Mark Prinsen en Freerk van der Wart wienen ek by de huldiging oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)