Sjinkie Knegt is Europeesk kampioen shorttrack

25 jan 2015 - 16:23
  • Sjinkie Knegt op it earepoadium yn Dordrecht

Sjinkie Knegt is de nije Europeesk kampioen shorttrack. Yn Dordrecht liet de Bantegeaster syn foarsprong yn it klassemint op de ôfslutende superfinale oer 3000 meter net mear yn gefaar komme. Knegt einige úteinlik as fjirde yn de superfinale, dat wie mear as genôch foar de einoerwinning. It is de twadde Europeeske titel foar de Bantegeaster, dy't yn 2012 ek al de bêste wie.

Daan Breeuwsma kaam as fyfde oer de einstreek yn de superfinale en einige úteinlik as sechsde yn it einklassemint, achter Freek van der Wart dy't fyfde waard.

It twadde plak wie foar de Rus Viktor An, folge troch syn lângenoat Semen Elistratov. It EK shorttrack yn Dordrecht wurdt ôfsletten mei de finale op it ûnderdiel ôflossing. Hjir komme Knegt, Breeuwsma en Van der Wart op 'e nij yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)