Sjinkie Knegt ek rap op de wei

07 jan 2012 - 22:14

Shorttracker Sjinkie Knegt hie sneon by it Nederlânsk kampioenskip yn Thialf in protte maleur. Knegt helle de finale fan de 1500 meter net omdat ien fan syn redens stikken gong. Dêrnei die bliken dat er syn reserve-izers thús yn Bantegea lizzen hie. Knegt hie mar ien opsje: as in spear nei hûs. Krekt op tiid wie er werom om him te pleatsen foar de heale finale fan de 500 meter. Ek hat er de finale fan de 1000 meter helle. Troch it missen fan de 1500 meter finale sil it foar Sjinkie Knegt in toer wurde om kampioen te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)