Sjinkie Knegt 'baalt as in stekker'

13 feb 2016 - 10:47
  • Sjinkie Knegt wurdt ôffierd nei syn swiere fal yn Dordrecht

Sjinkie Knegt baalt as in stekker. Syn seizoen sit der op. Hy kin syn wrâldtitel net ferdigenje by it kommende wrâldkampioenskip yn Seoul. Dat hie er graach dwaan wollen, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. Hy hat kontakt hân mei Knegt.

"Wat ik dan ek wol wer typearjend foar him fyn," seit De Vries, "der wie sprake fan in kniesd hert en kniesde longen. Ik sei, hoe slim is dat eins? Dodelijk, appte Sjinkie. Mei in grutte knypeach der achter. Wat dat oanbelanget hat er fuort syn gefoel foar humor net ferlern."

Sjinkie Knegt kaam freed swier te fallen by de wrâldbeker. Hy leit no yn it sikehûs fan Dordrecht. Hy wurdt dêr sneon ôfskerme fan fertsjintwurdigers fan de media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)