Sjinkie Knegt bêste op EK

29 jan 2012 - 17:25
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea is Europeesk kampioen wurden. Hy waard snein fjirde op de ôfslutende superfinale, wêrmei't er genôch punten pakte foar de einoerwinning. Knegt ried in sterk kampioenskip yn it Tsjechyske Mlada Boleslav. Hy pakte op de earste dei de winst op de 1500 meter. Sneon miste er de finale fan de 500 meter en liet dêrtroch djoere punten lizze. In knap twadde plak snein op de 1000 meter brocht him werom yn de striid foar de titel. Knegt revansearret him no op syn mislearre riden op it NK earder dit jier yn Thialf.

De winst op de slotôfstân, de 3000 meter, wie foar Niels Kerstholt, dy't úteinlik it sulver yn it einklassemint pakte. De Frânsman Thibaut Fauconnet, Europeesk kampioen yn 2011, einige op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)