Sjinkie en Daan aktyf op WK

04 mrt 2014 - 18:25
  • De Nederlânske shorttrackploech

Sjinkie Knegt fan Bantegea, Daan Breeuwsma út Aldeboarn en Freek van der Wart meie dielnimme op de yndividuele nûmers fan it WK shorttrack yn Montreal. Dat toernoai begjint op 14 maart. De KNSB hat Niels Kerstholt en Christiaan Bökkerink oanwiisd foar de relay.

By de froulju starte Jorien ter Mors en Yara van Kerkhof op de yndividuele nûmers. Rianne de Vries fan Lúnbert, Sanne van Kerkhof en Lara van Ruijven komme allinnich yn aksje op de relay.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)