Sjen wat mei help fan Europeesk jild ta stân brocht is

09 maaie 2015 - 15:32
  • It Polderhoofdkanaal

Ferskate projekten yn Fryslân kinne útfierd wurde mei jild út Europeeske fûnsen. Om sjen te litten hoe't dy subsydzje bestege is, kinne minsken nei de Europeeske Sjochdagen. Dy binne freed begûn en duorje oant en mei snein. Ofrûne jier hawwe fjouwer projekten yn Fryslân jild krigen, wêrûnder de gemeente Opsterlân foar de oanlis fan it Polderhoofdkanaal.

Park Vijversburg yn de Bosk fan Ypey is ek te besjen. Der is in speurtocht en de kas is iepen foar besikers. De wettersuvering yn Snits en it Damshûs yn Nij Beets binne ek iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)