Sjen en harkje by Dirk Hakze

17 mrt 2010 - 14:02
  • Dirk Hakze

Dirk_Hakze skilderet al jierren op muzyk. De Snitser keunstner is no dwaande yn Kollum. Yn in lyts iepen hok hat er doeken ophong en dêr makket er skilderijen nei oanlieding fan in pianokonsert fan Chopin.

Publyk kin mei in koptelefoan meiharkje en de keunstner oan it wurk sjen. De keunstwurken binne te besjen oant en mei takom wike woansdei. Dêrnei makket er in toer troch Fryslân, de rest fan Nederlân en Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)