Sjekferfalsker oppakt

24 okt 2013 - 15:17

De plysje hat tongersdeitmoarn in 58-jierrige Boalserter oanhâlden foar oplichting. In meiwurkster fan in kantoar oan it Stasjonsplein yn Ljouwert krige de fertochte oan de baly. Hy woe in travellers-sjek fersulverje. De frou fertroude it net en belle de plysje. Dy hat de man oanhâlden.

De sjek wie ferfalske. Op it buro die bliken dat de man noch mear sjeks by him hie. Dy binne allegear yn beslach naam. Tsjin de Boalserter is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)