Sjeik ferbiedt fuotbalwedstryd

19 aug 2014 - 18:05
  • Fuotbal

De fuotbalwedstryd fan it earste alvetal fan fuotbalklup CVVO tsjin in alvetal út De Feriene Arabyske Emiraten giet net troch. De klup fan De Lemmer hat te hearren krigen dat de sjeik de wedstryd ferbean hat. Wat de reden dêrfan is, is ûndúdlik. De klup is tige teloarsteld yn it beslút om't de ôfrûne wike in soad wurk ferset is foar de tarieding fan de wedstryd.

De wedstryd soe woandseitejûn om 19.00 spile wurde op sportpark De Rien.

Der wurdt noch besocht in oare tsjinstanner te finen, mar it is net dúdlik oft dit op sa'n koarte termyn noch slagget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)