Sjefkok tefreden oer WK Koreä

04 maaie 2012 - 13:55
  • Guido Panjer

Sjefkok Guido Panjer út Ljouwert is tefreden oer syn optreden yn de finale fan it WK foar sjefkoks. Op it prestisjeuze evenemint yn Súd-Koreä naam hy it freed op tsjin sjefs út ûnder oare Kanada, Hong Kong en Noarwegen.

Neffens Panjer wie syn miel fan fjouwer gongen fan poddestuollen, Japansk kowefleis, heilbot en Koreaanske ierdbeien better as dat hy ea makke hat. De sjuery makket sneon bekend wa't de winner fan it WK itensieden is.

Panjer krige in kompliment foar syn skjinne keuken. In punt fan krityk wie syn Hollandaise saus. Dy wie neffens de sjuery lekker, mar te risikofol wat smaak oangiet. Mocht Panjer op it podium komme, dan is de kâns grut dat er kieze kin út restaurants mei Michelinstjerren, dy't him yn tsjinst nimme wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)