Sjauffeursferiening 25 jier

05 des 2009 - 16:01

De sjauffeursferiening Fryslân bestiet 25 jier. Om dat te fieren, kamen freedtejûn tweintich fersierde trucks nei Ljouwert.

De sjauffeursferiening Fryslân is de grutste feriening fan frachtweinsjauffeurs yn Nederlân mei 400 leden yn en bûten de provinsje. In delegaasje dêrfan parkearde freed de truck by de Waach yn de Ljouwerter binnenstêd. It winkelpublyk mocht kieze wat it de moaiste truck fûn. De winner waard Anema út Arum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)