Sjauffeursaksje yn tún Arriva

28 maaie 2008 - 10:05

Yn de tún fan it haadkantoar fan iepenbier ferfiersbedriuw Arriva op It Hearrenfean is woansdei aksjefierd troch sa´n 500 lulke sjauffeurs mei fyftjin bussen. De sjauffeurs stake fan woansdei ôf foar ûnbepaalde tiid.

De fakbûnen binne al langere tiid mei Arriva yn ûnderhanneling oer in nije cao, mar der komt mar gjin akkoart. Woansdei en tongersdei ride de sjauffeurs net bûten de spitsoeren. Nije wike komme der hurdere aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)