Sjauffeurs jouwe Van der Aart 'krystpakketten' mei stront

22 des 2014 - 12:18
  • De protestaksje yn Drachten by Van der Aart

By transportbedriuw Van der Aart yn Drachten is moandei aksjefierd troch sjauffeurs. Mei it fakbûn FNV fine de meiwurkers dat de direksje fan it bedriuw harren finansjeel yn de tange hâldt. Van der Aart liet sjauffeurs as selsstannich ûndernimmer wurkje, mar wol mei in kontrakt. Earder wie der in al in rjochtsaak oer dizze konstruksje, dy't troch de rjochter ferbean waard.

Neffens sjauffeurs en it FNV besiket Van der Aart de dupearre sjauffeurs no finansjeel út te klaaien. As aksje ha se de direksje dêrom 'krystpakketten' mei stront oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)