Sjauffeurs frijsprutsen

23 okt 2014 - 06:17

Twa frachtautosjauffeurs út Fryslân binne frijsprutsen fan bedriging fan in froulike kollega út Dútslân. In 66-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân en in 47-jierrige ynwenner fan Boarnsterhim soene novimber ferline jier de frou klemriden hawwe op de A7 by Nuis en har dêr bedrige hawwe mei in hammer. Ek soene se fernielings oan har auto tabrocht hawwe. De rjochtbank yn Grins hat woansdei besletten beide manlju net te ferfolgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)