Sjauffeurs fan Klomp fiere aksje om lean op te easkjen

04 okt 2015 - 10:25
  • Webside taksybedriuw Klomp

Tachtich sjauffeurs fan Klomp Groepsvervoer sille moandei aksje fiere by it haadkantoar yn Ede. De sjauffeurs, ûnder oaren út Fryslân, wolle har net-útbetelle lean opeaskje. Ek protestearje se tsjin de iensidige oanpassing fan har arbeidskontrakt troch de wurkjouwer.

Neffens fakbûn FNV Taxi is der al moannen sprake fan ûnrêst by Klomp. It giet dan om lean dat te let betelle wurdt, mar ek om wurke oeren dy't hielendal net betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)