Sjauffeurs Arriva foarsichtich

12 sep 2006 - 10:30

Bussjauffeurs fan Arriva soargje minder faak foar skea. Yn 2005 wiene der goed 320 skeameldings, goed 40 minder as yn 2004. Neffens Arriva komt dat troch de ekstra kursussen dy't de sjauffeurs krigen ha. By dy kursussen wurdt goed sjoen nei it riidgedrach.

Sa moatte de sjauffeurs bewuster wurde fan wat se krekt dogge. Yn Arriva bussen wurde kamera's pleatst. Nei in oanriding kin dan direkt sjoen wurde wat der bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)