Kraansjauffeur ferstoarn by ûngelok

23 jan 2015 - 14:18
  • Slim ûngelok mei grutte kraan Kielstra

De sjauffeur fan de grutte mobile kraan fan it bedriuw Kielstra dy't yn Drinte in slim ûngelok hân hat, is ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. De man ried freedtemoarn betiid rjochttroch op in rotonde yn de N34 by Gieten en botste tsjin de ierden wâl. De kabine bleau dêryn stykjen. Pas seis oeren letter koe de kraan mei help fan grut materieel loslutsen wurde. Dêrnei koene de helpferlieners by it slachtoffer komme en doe die bliken dat de man ferstoarn wie.

It wie mistich en it frear in pear graden doe't it ûngelok barde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)