Sjauffeur mei drank op oanhâlden

05 okt 2006 - 10:34

Yn Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in sjauffeur oppakt, omdat er efter it stjoer lei te sliepen. Hy hie syn auto oan de Drachtsterdyk delset.

Foarbygongers tochten dat de man net goed wurden wie. Doe't de plysje kaam die bliken dat de man fierstente folle dronken hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje. Fierder kin er rekkenje op in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)