Sjauffeur lit spultsje sjen

26 jan 2011 - 12:23

De plysje siket in frachtweinsjauffeur dy't tiisdei by Jobbegea syn geslachtsdiel sjen litten hat oan trije foarby fytsende famkes. De man stie neist syn frachtweinkombinaasje, dy't er parkeard hie by in fytspaad lâns de Skoatterlânsewei.

Doe't de famkes foarby kamen draaide de man him nei harren ta en liet syn spultsje sjen. De plysje siket no minsken dy't mear oer him fertelle kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)