Sjauffeur fan ûngelok by Donkerbroek is man út Grins

08 mrt 2015 - 10:40

De sjauffeur dy't sneontemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de N381 by Donkerbroek, is in 61-jierrige man út Grins. De man kaam mei syn frachtwein yn de berm en botste dêrnei op in beam. De frachtwein kantele dêrtroch. De sjauffeur rekke beknypt en is troch de helptsjinsten troch it rút fan de kabine út de frachtwein helle. Hy is swierferwûne nei it sikehûs brocht. De dyk wie troch it ûngelok hast de hiele dei ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)