Sjauffeur buske ferstoarn

15 jan 2014 - 09:00
  • It buske wurde út it wetter by de Loswâl takele
  • Pop Zwart, eigener fan it stellen buske

De bestjoerder fan it buske dat tiisdeitejûn yn Drachten it wetter yn ried, is ferstoarn. De plysje hat noch gjin idee wa't de man is. De brânwacht hat it slachtoffer út it buske helle. Hy is doe yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs. Omdat er gjin papieren by him hie, koe syn identiteit net fêststeld wurde. De man hie in licht tinte hûd en soe tusken de tweintich en fjirtich jier âld wêze. Hy hie ferskate tatoeaazjes.

Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat it buske earder op de dei stellen wie yn Winsum yn Grinslân.

It buske wie stellen fan ierappelboer Pop Zwart fan Ulrum. Hy is bot fan slach troch it ferstjerren fan de man nei't er it wetter ynriden is. It buske wie foar de eagen fan Zwart stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)