Sjauffeur botst op file

19 sep 2013 - 14:14
  • (foto-ympresje)

In 48-jierrige Fryske frachtweinsjauffeur is tongersdeitemoarn by Moergestel yn Brabân oanhâlden, neidat er op in file ynriden wie. Fiif minsken rekken dêrby ferwûne. Neffens in wurdfierder fan de plysje joech de sjauffeur oan dat er wat socht yn de kabine fan syn frachtwein. Dêrtroch seach er de file op de sneldyk A58 te let. Twa traumahelikopters en fiif ambulânses kamen nei it plak fan it ûngelok om help te ferlienen. Troch de ravaazje is de A58 noch hieltyd ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)