Sjarzje útfierd op De Jouwer

04 maaie 2008 - 15:01

De plysje hat fan sneon op snein in sjarzje mei de wapenstôk en twa hûnen útfierd op de Midstrjitte op De Jouwer. Twa groepen jongerein krigen it dêr mei inoar oan 'e stôk doe't se de kroech útkamen.

In tal surveillearjende plysjes besochten tuskenbeide te kommen, wêrnei't de twa groepen har tsjin de plysjes kearden. Nei't der fersterking ynroppen wie, binne der mei in sjarzje 40 minsken ferwidere út de Midstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)