Sjarterskippen slute akkoart mei de Denen oer Eastseefeart

09 maaie 2015 - 11:21
  • Brune float

Nederlân en Denemarken binne ta in akkoart kaam oer de regels foar sjarterskippen. Nederlânske skippers klagen altyd oer te hege feiligenseasken fan de Denen. Se soene foar tûzenen euro's ynvestearje moatte om dêroan te foldwaan. Ofpraat is no dat as de skippen binnen 20 myl foar de kust bliuwe, se fan de Denen op de Eastsee farre meie.

Foarsitter Heldoorn fan de Nederlânske Feriening foar de Beropssjarterfeart is bliid mei de dúdlikens, mar hy fynt de 20-mylseask absurd. Neffens him foldogge de skippen oan ynternasjonale feilgenseasken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)