Sjalet yn Wurdum troch brân folslein ferlern gien

19 apr 2015 - 09:35

Yn Wurdum is sneontejûn in sjalet folslein yn flammen opgien. Doe't de brânwacht oankaam koe it troch de fûle brân al net folle mear dwaan om it houten hûs oan de Kempenaersreed te rêden. Troch it fjoer wie in gaslieding lek rekke. Dêrtroch moast earst it gas ôfsletten wurde foardat it fjoer blust wurde koe.

De brânwacht hat in skoft dwaande west om de brân ûnder kontrôle te krijen. De bewenster wie net thús. Se is troch de plysje op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)