Sjaarda-en-dy nei de finale

29 jul 2009 - 17:16
  • Partoer Sjaarda nei de finale (foto: Dirk Jan Haarsma)

Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Tjibbe Hansma steane yn de finale fan 'e 156e PC. Sy wûnen it yn 'e heale finale fan Site Ferwerda, Gerrit Meijer en Rudolf Soepboer mei 5-0 en 6-4. Ferwerda en de debutanten Meijer en Soepboer wiene yn in frij iensidige heale finale net opwoeksen tsjin it partoer fan Dirk Yde Sjaarda.

It partoer Sjaarda moat it yn 'e finale opnimme tsjin de winners fan Gert-Anne Van der Bos-en-dy tsjin Jan Dirk de Groot-en-dy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)