Situaasje stabyl by Grou

06 jan 2012 - 06:47

De wettersituaasje op De Burd en it rekreaasjesintrum Yn 'e Lijte is stabyl. Yn de wetterstannen is sûnt tongersdeitejûn net folle feroare. It gebiet stiet foar in grut part blank troch de dyktrochbraak tongersdeijûn.

Mear as hûndert minsken binne evakuearre. Letter freed sil besjoen wurde oft sij werom nei hûs kinne. Sadree't it ljocht wurdt, wurdt de situaasje ynspektearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)