Sittende macht ferliest

04 mrt 2010 - 12:54

Fryslân hat massaal ôfrekkene mei de sittende macht. Dat is de algemiene konklúzje dy't lutsen wurde kin in dei nei de gemeenteriedsferkiezings. Yn hast alle gemeenten ferlieze de partijen fan de sittende wethâlders ien of mear sitten.

It algemiene byld is dat PvdA en CDA ferlieze en dat de winst giet nei FNP en GemeenteBelangen. Yn totaal gie 59,6% fan de Friezen woansdei nei de stimbus. Dat is minder as fjouwer jier lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)