Sittenbliuwers stranger oanpakt

05 des 2006 - 11:02

It Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost wol it hege tal sittenbliuwers yn hafû fjouwer werom bringe. Sa'n 30 learlingen dy't ferline jier sitten bleaun binne, dogge mei oan in strang ûndersteuningsprojekt.

Learlingen krije help by it húswurk en wurde ekstra yn de gaten hâlden troch dosinten, mar ek troch oare learlingen út de projektgroep. By it begjin fan it projekt tekenje dielnimmers in kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)