Sitfoljebalfroulju ferlieze

24 sep 2004 - 11:06

De sitfoljebalfroulju hat har tredde wedstriid op de Paralympics ferrassend ferlern fan Sina mei 3-1. Neffens teammanager Paul Harmsen wie it wol in prachtige wedstriid. Nederlân moat de kommende dagen noch spylje tsjin Slovenië en Amearika.

Dêrnei wurde de krúsfinales spile. Yn it Nederlânsk froulju's sitfoljebalteam sitte ek de Friezinnen Maria Poiesz fan Offenwier en Aletta Adema-Slagter út Toppenhuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)