Sites Súdwestgemeentes hacked

21 des 2009 - 14:29
  • De site fan Boalsert die it moandeitemoarn noch net goed

De ynternetsites fan de gemeenten yn de Súdwesthoeke yn Fryslân binne it ôfrûne wykein hacked. Dat betsjutte dat de sites net berikber wiene en dat in frjemde melding op it skerm stie.

It giet om Boalsert, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân, Littenseradiel, Nijefurd, Wûnseradiel en de site fan de nije fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke. Fjouwer spesjalisten hawwe it hiele wykein dwaande west om de boel wer foarinoar te krijen. Der wurdt in ûndersyk ynsteld om de dieders te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)